Kuperus nei Go Ahead Eagles

10 jul 2013 - 19:18

Harmen Kuperus giet oan de slach by Go Ahead Eagles. Dêr wurdt hy keeperstrainer en assistent-trainer fan Foeke Booy. Kuperus wie de lêste moannen keeperstrainer by SC Hearrenfean as tydlik ferfanger fan de blessearre Albert van der Sleen. Kuperus wie earder ûnder oare keeper by Telstar. Kuperus syn nije klup Go Ahead Eagles is foarich seizoen promovearre nei de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)