Wurksumheden oan feardaam Nes

10 jul 2013 - 17:41

In part fan de damwand om de feardaam by Nes op it Amelân hinne is ôfsletten foar motorisearre ferkear. De damwand is op ferskillende plakken ta oan ûnderhâld en ferfanging.

Om de wand te sparjen is der in stik ôfsetten mei pealtsjes. Fytsers en fuotgongers kinne der noch wol lâns. Rykswettersteat jout oan dat de sitewaasje net gefaarlik is en de damwand yn 2014 oanpakt wurdt.

Trefwurden: 
It Amelân feardaam Nes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)