Springe foar skjin wetter

Website bigjump.nl
It Kameleondoarp set him yn foar skjin swimwetter. Kommende snein hâlde se in Big Jump op it strân fan Terherne. Presys om 3 oere springe de dielnimmers yn it wetter om dúdlik te meitsjen dat boaten harren húskewetter net loaze moatte yn it farwetter.
Yn hiel Europa springe minsken op itselde momint yn rivieren, wetters en marren. De Big Jump yn Terherne is in inisjatyf fan Wetterskip Fryslân, de provinsje en de Fryske Miljeu Federaasje. Dielnimmers hoege har net fan te foaren op te jaan.