Frouckjestate ferhuzet nei WTC
Stjerre-restaurant Frouckjestate fan Ryptsjerk ferhuzet nei Ljouwert. Se festige har op in bysûndere lokaasje, nammentlik de boppeste ferdjipping fan it WTC-Expo Hotel. Neffens eigenerTom van der Heide koe hy yn Ryptsjerk net dwaan wat hy woe. Hy woe graach útwreidzje en dat koe dêr net.
Mei restaurant Koriander yn Drachten is Frouckjestate de iennichste mei in Michellinstjer en dy ferhuzet mei.