Op jacht nei sied op eilannen

10 jul 2013 - 15:01

Meiwurkers fan de Nederlandse Genenbank sille fan 't hjerst op jacht nei bysûnder plantesied op de Waadeilannen. Sy sykje foaral it sied fan de wylde asperzje. It idee om op de Waadeilannen te sykjen ûntstie neidat in meiwurkers spesjaal foar in wylde asperzjesoart nei de Kaukasus ôfreizge wie wylst de plant ek op de eilannen te finen is en dêr sels iten wurdt.

It sied fan de wylde planten wurdt mooglik brûkt om gewoane produksjeplanten te ferbetterjen.

Natoerorganisaasjes dy't natoer beheare op de eilânnen binne of wurde noch benadere foar tastimming foar dizze ekspedysje, dy't maksimaal oardel wike duorje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)