Jild foar moaie boerehiemen

MInsken dy't harren boerehiemen opknappe of opnij ynrjochtsje kinne dêr jild foar krije. Plattelânsprojekten Súdwest-Fryslân en Lânskipsbehear Fryslân starte it projekt "Takomst fan it Boerehiem". Eigeners kinne 70% subsydzje krije. De subsydzje is sawol foar nijboupleatsen as foar âlde pleatsen mei achterstallich ûnderhâld oan it hiem. It projekt giet allinnich troch as har genôch minsken oanmelde.
Mei it projekt wolle de inisjatyfnimmers derfoar soargje dat bedriuwen goed yn it lânskip passen bliuwe.