Fytser slim ferwûne op Skylge

10 jul 2013 - 12:01

In 11-jierrige jonge fan Skylge is tiisdeitejûn slim ferwûne rekke yn de haven fan West-Skylge. Fanwege in brânwachtoefening lei der in slang útrôle, de jonge fytste dêr oerhinne en foel. Hy bedarre op de basaltblokken en heal yn it wetter.

De jonge is stabilisearre troch personiel fan de ambulânse en dêrnei mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Skylge ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)