Minder fakânsjewurk eilannen

It oanbod fan fakânsjewurk op de Waadeilânnen is bot ynsakke. Dat meldt útstjoerburo Fritech yn Bûtenpost dat al jierren aktyf is op de eilannen. Fritech meldt dat de fraach nei fakânsjewurkers neffens de goede tiden mei ûngefear de helte werom rûn is, mar dat komt ek foar in part omdat de konkurrinsje fan oare útstjoerburo's fûler wurden is.
Wichtichste reden foar de weromgong is lykwols it feit dat der minder fakatueres binne, omdat der minder besikers op de Waadeilannen komme.
As der ekstra ynset nêdich is, besykje de ûndernimmers dat sels op te fangen. Ek witte sy it paad nei fakânsjewurkers hieltiten better sels te finen sûnder in útstjoerburo yn te skeakeljen. Jongerein moat neffens Fritech mear dwaan as oars om kâns te meitsjen op fakânsjewurk. Lanlik fynt hast 60% fan de jongerein dat fakânsjewurk dwaan wol, gjin baan. Dat docht bliken út ûndersyk fan FNV-Jong.