Fartocht Grins-Lauwerseach

It kantoar fan Wagenborg yn Lauwerseach
Der fart dizze simmer seis kear in boat fanút de stêd Grins nei Lauwerseach. Dat meldt RTV Noord. It giet om in tocht mei in âlde fiskkotter. Dy begjint syn reis by it treinstasjon yn Grins en fart dêrnei oer it Reitdiep nei Lauwerseach. Dêr kin eventueel oerstapt wurde op de boat nei Skiermuontseach.
Kommende snein fart de boat foar it earst, de lêste tocht stiet foar ein augustus op it programma.