Paspoart kwyt djoere grap

09 jul 2013 - 20:59

It CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert wol witte hoe't kin it dat de kosten foar in nij paspoart by ferlies of stellerij yn Ljouwert safolle heger binne as yn Smellingerlân. Foar it paspoart sels moat al 50 euro betelle wurde, mar by fermissing jildt in taslach fan goed 40 euro. Yn Smellingerlân is dat mar 17.50, de helte minder dus. It CDA hat skriftlike fragen oer it grutte ferskil yntsjinne by it kolleezje fan B&W.

Ek yn in soad oare gemeenten leit it bedrach leger. Sa wurdt yn Boarnsterhim goed 30 euro frege. It CDA wol dat dat taryf skielk jildt, as Ljouwert en Boarnsterhim ien gemeente wurde. B&W hawwe seis wike de tiid om antwurd te jaan op de fragen fan it CDA. Neffens in wurdfierder slagget it net om earder in ferklearring te jaan foar it ferskil.

Trefwurden: 
CDA paspoart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)