Live-útstjoerings foar GPTV

Mei yngong fan 1 septimber ôf start televyzjestjoerder GPTV mei live-útstjoerings fan sportwedstriden, eveneminten en kulturele manifestaasjes. GPTV sil hjirfoar gearwurkje mei Podium op It Hearrenfean. Podium beskikt oer alle technyske fasiliteiten foar live-registraasje en in satellytwein.
GPTV bliuwt de deistige nijs-útstjoerings fersoargjen fanút de studio yn de Blokshúspoarte yn Ljouwert. Der is ek in oanfraach dien foar subsydzje fan de live-útstjoerings by it Frysk Mediafûns.