MCL-arts fersoarget Friso

Dokter Michael Kuiper fan sikehûs MCL yn Ljouwert sit yn it medysk team dat de kommende moannen prins Friso fersoarget. De Rijksvoorlichtingsdienst hat tiisddei bekend makke dat de prins oerbrocht is fan in sikehûs yn London nei paleis Huis ten Bosch yn Den Haag. Dêr sil er dizze simmer mei syn gesin wêze, yn ôfwachting fan in plak yn Nederlân of Ingelân dêr't er fersoarge wurde kin.
Prins Friso rekke yn febrewaris 2012 yn koma by in sky-ûngelok. Neffens de Rijksvoorlichtingsdienst is der sûnt doe neat feroare oan syn tastân.