Undersyk nei ûngelok Makkingea

09 jul 2013 - 16:13

De Onderzoeksraad voor Veiligheid docht ûndersyk nei it ûngelok yn in dongsilo yn Makkingea. Dêrby kamen yn juny trije minsken om it libben. It ûndersyk rjochtet him op de gefaren fan gassen yn de agraryske sektor en hoe't mei de risiko's omgien wurdt. It ûndersyk sil in heal jier oant njoggen moannen duorje.

It iepenbier ministearje docht ek ûndersyk nei de saak. Yn dat ûndersyk wurdt it bedriuw út Abbegea, dat de silo oan it skjinmeitsjen wie, as fertochte sjoen. Twa meiwukers fan dat bedriuw en de soan fan de boer kamen om it libben

Trefwurden: 
Makkingea silo-ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)