Omrin oer op grien gas

Omrin oer op grien gas © ANP XTRA
Offalferwurker Omrin ynvestearret de kommende jierren yn in weinpark dat folslein op Groengas rydt. Op dit stuit ride der al alve frachtweinen op dit griene gas. Dizze wurde no ek foar Eaststellingwerf, Littenseradiel en Menameradiel besteld.
Omrin wurket gear mei OrangeGas, dy't troch hiel Nederlân fulpunten hat foar Groengas. Yn 2009 waard it earste fulpunt iepene yn Stienwyk. Ein dit jier binne dat der sa'n 50, de helte dêrfan yn it noarden.