Grutte problemen by 'De Riepe'

It giet min mei strjitkrante 'De Riepe'. De krante hat no in oplage fan 11.000 stiks, wylst dat yn 2011 noch 25.000 wie. Ek rint de businessklup leech, dat binne bedriuwen dy't De Riepe jierliks stypje mei minimaal 150 euro. Op dit stuit binne der noch 40 leden by dy businessklup. Projektlieder Tjip Schotanus seit dat it oan de resesje leit. Dêrtroch wurde der minder strjitkranten ferkocht. Ek rint it tal ferkeapers werom. Schotanus tinkt dat de oplage werom moat nei 5.000 eksimplaren.
De krante wurdt yn de trije noardlike provinsjes ferkocht troch Roma's en dakleazen.