Brêge It Amelân mei bliuwe

09 jul 2013 - 10:02

De mêst fan de brêge fan de fearboat dy't achter it Maritiem Museum op it Amelân stiet, mei bliuwe. Dat hat in mearderheid fan de gemeenteried moandei bepaald. Yn septimber ferhuze de brêge mei stjoerhut fan de âlde fearboat Rottum nei it Amelân. It wie in kadootsje fan Wagenborg Passagiersdiensten. De musea wiene der bliid mei, omwennenden net, se ha beswier tsjin de sân meter hege mêst. Ameland '82 stimde as iennige fraksje tsjin de mêst. Foar dy partij giet de opbou te fier.

De VVD sei dat de proseduere net hiel krekt ferrûn is. By de fergunningoanfraach waard de mêst nammentlik fergetten. De buorlju fan it Maritiem Museum binne nei de rjochter stapt. De útspraak yn dy saak folget noch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)