Dyk ticht foar fytsrekôr

De A31 fan Frjentsjer nei Dronryp is tiisdeitemoarn in pear oeren ôfsletten foar it ferkear. Fan alve oere ôf besykje studinten fan TU/Delft dêr in nij fytsrekôr te realisearjen. Dat dogge se mei in sels makke fyts, dy't hurder as 100 kilometer yn 'e oere kin.
Neffens Rykswettersteat is de A31 poer geskikt, omdat it stik dyk dêr hielendal rjocht is. Automobilisten moatte rekken hâlde mei 5 minuten fertraging. Fan healwei twaen ôf is de dyk wer beskikber foar it normale ferkear.