Jonkje ferwûne by De Lemmer
By in ûngelok op de N359 by De Lemmer is moandeitemoarn in jonkje fan twa ferwûne rekke. It berntsje siet op de achterbank fan in auto dy't stil stie. In frachtweinsjauffeur fan 49 seach dit te let en botste mei syn frachtwein achterop de auto. It jonkje út it Dútske Vettelscholl is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht.