Nij projekt foar boerehiem

08 jul 2013 - 14:12

Plattelânsprojekten Súdwest Fryslân en Lânskipsbehear Fryslân komme mei in boerehiemprojekt. Minsken dy't harren hiem opknappe of op 'e nij ynrjochtsje wolle, kinne yn it ramt fan it projekt 'Takomst fan it Boerehiem' 70 persint subsydzje krije. It is net allinnich bedoeld foar boeren dy't krekt nijboud hawwe. De subsydzje is ek beskikber foar in hiem mei efterstallich ûnderhâld en foar bewenners fan buorkerijen dy't net mear yn bedriuw binne. Der moatte har wol genôch minsken oanmelde foar it projekt, oars giet it net troch.

Mei it projekt wolle de inisjatyfnimmers derfoar soargje dat bedriuwen goed yn it lânskip pasjen bliuwe, ek at dy grutter wurde of in oare funksje krije.

Trefwurden: 
projekt boerehiem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)