Lekkaazje yn tsjerke Burgum

De flier en de pylders yn de Krústsjerke yn Burgum binne oantaaste troch wetter. De flierferwaarming dy't der al sûnt ein jierren '40 yn leit, lekt. De kommende wiken is de tsjerke ticht foar renovaasje. De folsleine flier sil ferfongen wurde. Dat betsjut dat earst alle estrikken en sânstiennen tegels fuorthelle wurde moatte. It wurk moat ein september klear wêze.