Frou ferwûne yn Noardwâlde
In frou fan 49 jier út Noardwâlde is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok oan de Hoofdstraat West yn har wenplak. In man fan 30 jier út Apeldoorn ried rjochting Steggerda en gie linksôf. Hy botste dêrby tsjin de frou oan, dy't op har motor rjochttroch gie. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.