'Rederij Doeksen oernimme'

De Harnzer fearboatterminal fan Rederij Doeksen © Omrop Fryslân, Jan-Durk de Haan
De provinsje moat rederij Doeksen oernimme yn it belang fan de bewenners fan Skylge en Flylân en de toeristyske sektor op de Waadeilannen. Dat wol de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens de partij hat it skrassen fan ôffearten rampsalige gefolgen, foaral ek foar bern dy't op de fêste wâl nei skoalle gean en eilânbewenners dy't dêr wurkje. Friese Koers is ek benaud dat der minder toeristen komme at der ôffearten skrast wurde.