De Jong en Fabriek nei finale

07 jul 2013 - 20:17

Jannick de Jong hat snein de heale finale fan it EK gersbaan wûn. Yn de finale yn Noardwâlde wie hy oppermachtich en liet hy de Frânsman Mathieu Tresarrieu achter him. Dirk Fabriek einige op it tredde plak. Dat wie soer foar Fabriek omdat hy yn de finale fierwei de bêste start hie. Dy finale waard lykwols ôfflagge nei in fal fan de Brit Paul Cooper. De nije start brocht De Jong de winst.

Sawol De Jong as Fabriek hawwe har troch dit resultaat pleatst foar de finale fan it EK gersbaan. Dy wurdt oer twa wike ferriden yn it Dútske Bielefeld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)