Nije krûdetún yn Ljouwert

Ljouwert hat sûnt sneon in offisjele krûdetún mei 16 soarten genêskrachtige plantesoarten. Oan de Oldegalileeën by de Ie. De tún is ûnderdiel fan it keunstprojekt Herbarium Cataplasma fan keunstner Laurence Aegerter. It is in replika fan de 100 m2 grutte midsieuske krûdetún fan it kleaster St. Gallen.
Doel fan it projekt is om de leefberens yn de wyk te ferbetterjen. De tún is makke troch de wykbewenners en wurdt ek troch de bewenners beheard. Wa't wat út de tún brûke moat kin it der gewoan úthelje. De gemeente hat de kosten betelle.