Ferwûne nei rúzje op It Fean

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat sneontejûn op It Hearrenfean in 19-jierrige jonge oanhâlden omdat er nei alle gedachten in 26-jierrige frou mishannele hat. De plysje reagearre op in melding oer in rúzje yn de Gruttostrjitte. Se fûnen dêr in ferwûne frou út Snits. Dy waard nei it sikehûs brocht.
De fertochte is fêstset op it plysjeburo. De plysje siket noch út wat der krekt bard is.