Gemeente wol hûnen oan tou

Hûn
De gemeente Frjentsjerteradiel wol dat ynwenners fan de gemeente de hûn oan tou hâlde yn de beboude kom. De gemeente krijt geregeld klachten oer losrinnende hûnen. As in hûn losrint is it betiden lestich om de eigener oan te sprekken op it gedrach fan de bisten. Foaral yn it gefal dat sa'n hûn byt of foar oare skea soarget, kin dat hiel ferfelend wêze, seit de gemeente. Dêrom moatte se yn de stêd of yn doarpen oan tou.
Foar helphûnen wurdt in ütsûndering makke.