Ankers sjogge nij mêstrekôr

06 jul 2013 - 23:01

Oane Galama sette sneontejûn yn Akkrum in nij rekôr del by it 45ste iepen Frysk kampioenskip mêstklimmen. It âlde rekôr stie al trettjin jier op 3.50 sekonden fan mearfâldich winner Niek Roorda. Fierljepper Galama, sneontemiddei noch de bêste by de twakamp Fryslân-Hollân, wie fjouwer hûndertste rapper. Nei 3.46 sekonden siet er yn it topke fan de 7 meter en 20 sentimeter hege mêst. De bruorren Hans en Wim Anker begelieden alle dielnimmers mei krûdich kommentaar. Nei 35 jier hâlde se der mei op. It mêstklimmen yn Akkrum sil oars wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)