Foppe: lieding moat opstappe

Foppe de Haan
De folsleine lieding fan Sportklup Hearrenfean moat fuort. Dat seit âld-trainer Foppe de Haan sneon yn it radioprogramma Sportzomer Gasten fan de NOS. De Haan hat syn stânpunt ôfrûne tongersdei ek kenber makke oan de kommisje dy't ûndersyk docht nei de situaasje by Hearrenfean. Sy sjogge ûnder oare nei it draachflak foar de direksje, wêrûnder technysk direkteur Johan Hansma, en de ried fan kommissarissen.
Neffens De Haan wiene de belangrykste kearnwearden fan de klup dat alles mei-inoar dien waard en dat alle kennis mei elkoar dield waard om sa goed mooglik te wurden. Dat is feroare, it binne allegear eilantsjes wurden. De Haan fynt it wol in goeie saak dat trainer Marco van Basten him neat fan alle kommoasje oanlutsen hat en syn spilers der tsjin beskerme hat.