Grutte ferkearskontrôle Snits

06 jul 2013 - 14:52

By in ferkearskontrôle op de Leidekkerstrjitte yn Snits is freed in tredde part fan de automobilisten op de bon slingere. De kontrôle wie foaral rjochte op fakânsjegongers. Mei-inoar waarden in lytse santich auto's oan de kant setten. De bekeurings binne ûnder oare útdield foar it net brûken fan in autogordel, gjin rjochting oanjaan, gjin rydbewiis toane kinne en glêde bannen.

By alle bestjoerders is ek in blaastest ôfnommen, mar der wie gjin ien dy't tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Snits ferkearskontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)