Wer lange file op Ofslútdyk

06 jul 2013 - 13:47

Troch problemen mei de brêge bij Koarnwertersân is sneontemiddei yn de rjochting fan Fryslân wer in lange file ûntstien op de Ofslútdyk. Neffens in wurdfierder fan de ANWB wol de brêge troch de waarmte net mear ticht. Dat wie ferline wike ek al it gefal. De brânwacht kuollet de brêge, sadat dy wer nei ûnderen kin. De oare kant út, rjochting Den Oever, kin it ferkear gewoan trochride.

De plysje warskôget autobestjoerders dy't fêststean om oan har eigen kant te bliuwen en net oer te stekken, want dêr rydt it ferkear hurd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)