Doarpshûs Kollumerpomp klear

Doarpshûs It Trefpunt yn Kollumerpomp is klear en wurdt sneontemiddei offisjeel iepene troch wethâlder Jelle Boerema fan Kollumerlân.Tsientallen frijwilligers ha der in goed jier oan wurke om it hiele gebou op te knappen. De húskes en klaaikeamers binne wer hielendal by de tiid brocht en der is in ynvalidehúske makke. De ferbouwingskosten wurde rûsd op goed twa ton.
Neist alle ferienings fan it doarp, meitsje ek de skoalle en de berne-opfang gebrûk fan It Trefpunt.