Auto mei sân man oer de kop

De auto baarnde folslein út op de Pasteurwei op De Jouwer © Foto Ben Landstra
Op de Hurddraversdyk op De Jouwer is freedtenacht in auto mei sân minsken deryn oer de kop slein. Doe't de plysje kaam stie de auto yn de brân en wiene der gjin minsken mear by. Nei in koarte sykaksje waarden twa Ingelsen fan 21 en 26 jier fûn.
De 21-jierrige man hie de auto bestjoerd en wie ûnder ynfloed fan alkohol. Hy sit noch fêst. In 22-jierrige Ingelsman is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Trije oaren waarden ek noch opspoard. Ien ynsittende is noch net fûn. De plysje tinkt dat de auto mei hege snelheid út de bocht flein is.