Heabrân yn Tsjummearum

06 jul 2013 - 08:23

Der hat sneontemoarn betiid yn Tsjummearum brân west yn in skuorre fol mei hea. In heal oere neidat de brân ûntdutsen waard yn de skuorre oan de Bethaniëleane sloegen de flammen út it dak. In boer hat mei in shovel it hea nei bûten helle. Sa kin it fierder ôfblust wurde. Der is yn it dak fan de skuorre ek in gat makke. Sa kin fan mear kanten blust wurde.

It sil noch oeren duorje foar dat de brân hielendal út is.

Trefwurden: 
Tsjummearum heabrân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)