Plysje sjit by achterfolging

06 jul 2013 - 07:51

In plysjeman is yn de nacht fan freed op sneon ferwûne rekke doe't hy by in achterfolging oer de foet riden waard.Twa broers hiene yn Frjentsjer in frou bedrige en wiene dêrnei yn in auto útnaaid. De frou wie de eks-frou fan ien fan de manlju. Letter folge de melding dat de manlju tankt hiene sûnder te beteljen. Doe't de plysje de manlju oanhâlde woe, riden se in plysjeman oer de foet.

Op de provinsjale dyk tusken Ljouwert en Hurdegaryp ramde de auto noch in pear plysjeauto's, mar koene de beide mannen úteinlik wol oanhâlden wurde.

Om de auto oan de kant te krijen hat de plysje meardere kearen op de bannen sketten, dêrtroch slagge it úteinlik om de manlju oan te hâlden. In 27-jierrige man wie de bestjoerder, hy hie gjin rydbewiis en hie drank op. De beide fertochten binne ynsletten. De bestjoerder wurdt ûnder oare fertocht fan poging ta deaslach op plysjeminsken. De plysje siket tsjÛgen dy't op de Bleekleane yn Ljouwert troch de beide fertochten hast fan de sokken riden binne. De flechtauto wie in blauwe Peugeot 306.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)