1e wedstryd Jelmer op handbike

05 jul 2013 - 20:25

Jelmer Kleefstra fan Noardburgum hat freed foar it earst oan in wedstryd meidien op syn nije handbike. Yn Feanwâldsterwâl mocht er it startskot jaan foar de Lodenhelrun. Dat is in survivalrun yn it doarp. Jelmer wol graach de berch Mont Ventoux beklimme, mar hy kin dat fanwege in spiersykte net dwaan op in gewoane fyts. De ôfrûne moannen hat de 'Stichting Jelmer' dêrom allegear aksjes hâlden om jild op te heljen foar in handbike. Dat is slagge.

Mei-inoar is der sa'n 10.000 euro ophelle. De handbike koste 6.000 euro. It jild dat oer is giet nei de stifting Mont Ventoux. Dat is in ynstelling dy't har ynset foar de striid tsjin kanker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)