Wurk oan spoar Wolvegea-Zwolle

Prorail wurket de kommende njoggen dagen oan de ferfanging fan it spoar tusken Wolvegea en Zwolle. Dêrtroch ride der tusken It Hearrenfean en Zwolle gjin treinen mar bussen. Reizgers moatte rekken hâlde mei in healoere ekstra reistiid. Foar de wurksumheden wurdt in spesjale trein ynsetten, in soarte fan ridende fabryk. Dy hellet it âlde spoar der út en leit it nije spoar wer del.
Yn augustus leit it treinferkear op it trajekt nochris njoggen dagen stil. Yn oktober wurde yn in wykein de wurksumheden ôfsletten.