Aksje tsjin gifspuitsjen SWF

Janet Rozenberg fan Snits is in aksje begûn tsjin de gemeente Súdwest-Fryslân. De gemeente brûkt gif om it ûnkrûd te bestriden op stoepen en diken. It doel fan de hantekenaksje is om ta in boargerinisjatyf te kommen, sadat de gemeenteried oer it probleem prate moat. Se wol dat de gemeente gebrûk makket fan natuerfreonlike middels foar it ferwiderjen fan ûnkrûd. De gemeente seit dat der wol omtinken foar is. Der wurdt oan duorsum ûnkrûdbehear dien troch te boarsteljen en te feien.
Neffens de gemeente wurdt noch mar hiel selektyf gebrûk makke fan gemyske middels.