Nije kursus foar pleechâlden

Fryske pleechâlden wurde tenei better taret op wat se ferwachtsje kinne as se in nij berntsje yn hûs krije. Jeugdhulp Fryslân set derfoar in nij trainingsprogramma op. Dat programma Safer Caring is betocht yn Ingelân en is sa opset dat âlden alfêst witte hokker problemen se ferwachtsje kinne en hoe't se dêr mei om gean moatte.
Neffens Jeugdhulp Fryslân is it programma nedich om't de bern dy't tsjintwurdich by pleechâlden telâne komme, faak in trauma hawwe. Dêrtroch kinne se oars as oars op guon situaasjes reagearje.
Om de âlden dêr op ta te rieden krije se no dizze training. Ek meiwurkers fan Jeugdhulp Fryslân krije de training oanbean. De kosten fan it programma binne sa'n 200.000 euro en de helte dêrfan komt fan de stifting Kinderpostzegels.