Wetterskea yn Krústsjerke

Pilaren en de flier yn de Krústsjerke yn Burgum binne oantaaste troch wetter. De flierferwaarming dy't der al sûnt ein jierren '40 yn leit, lekt. In part fan de flier en in pilaar hawwe dêrtroch skea oprûn. De kommende wiken is de tsjerke ticht foar renovaasje. De folsleine flier sil ferfongen wurde.
Dat betsjut dat earst alle estrikken en sânstiennen tegels fuorthelle wurde moatte. It wurk moat ein septimber klear wêze.