Keunstgers yn Cambuurstadion

05 jul 2013 - 12:35

Yn it stadion fan Sportklup Cambuur is freedtemoarn in begjin makke mei it oanlizzen fan keunstgers. Earder dizze wike waard de ûnderlaach fan it fjild noch ôfkard mar freed wie alles yn oarder. Yn krapoan oardel wike tiid moatte de wurksumheden klear wêze.

It fjild moat der sneintejûn ynlizze, mar dêrnei moat it noch ynstruid wurde mei sân en koark. Dêrnei kin Cambuur der op traine en wurde der oefenwedstriden op spile. De earste kompetysjewedstriid dy't Cambuur op it nije keunstgers spilet is op 4 augustus tsjin NAC Breda.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur keunstgers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)