Debút Derek B. op 1 septimber

05 jul 2013 - 12:04

Derek Buitenzorg, it hynder dat yn 2011 troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân fan de slacht rêden waard, makket as alles goed giet op snein 1 septimber syn debút op de drafbaan fan Wolvegea. Derek is no goed trije jier en hat in lytse twa jier yn trening west. Twa kear mislearre it Derek om him foar de races te pleatsen, twa wike lyn by de tredde kear slagge dat wol.

Dêrom mei hy no op 1 septimber syn offisjele earste koers rinne mei pikeur en trainer Arend de Wrede. De Wrede naam dizze maaitiid de training oer fan Sjoukje Wagenaar.

It ferhaal fan Derek luts de ôfrûne twa jier in soad oandacht. Om dy reden is hy troch de Nederlandse Draf en Rensportvereniging opnaam yn de Hall of Fame. Derek is it iennichste hynder dat dêr yn stiet sûnder dat hy prizen wûn hat. De drafbaan fan Wolvegea hopet dat der in soad minsken op it debút fan Derek ôfkomme sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)