Iepening Museum 13 septimber

05 jul 2013 - 11:53

It nije Fries Museum giet op freed 13 septimber offisjeel iepen. Dat is freed bekend makke. It museum wol noch net sizze wa't de iepening dwaan sil. Op dit stuit wurdt wurke oan de ynrjochting fan fjouwer grutte eksposysjes. Fierder sitte yn it gebou op it Saailân yn Ljouwert it filmhûs Slieker Film en it kafee Thús. Dy binne al in skoftke iepen.

It nije museum sil fan septimber ôf seis dagen yn 'e wike iepen wêze, fan tiisdei oant en mei snein.

Trefwurden: 
Fries Museum museum Saailân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)