Fertraging Noardwesttangint

It wurk oan it Noardwesttangint, de nije dyk tusken Marsum en Stiens, rint fertraging op. Op it stik tusken Bitgummole en Stiens wurdt by wize fan proef fersmoarge bagger as fûndearring brûkt. Dat slyk, ôfkomstich út de Wide Greuns, is noch net droech genôch. Dat komt troch it wiete waar fan it ôfrûne jier.
Mocht it slyk net op 'e tiid droech wurde, dan wurdt oar materiaal brûkt. It Noardwesttangint sil yn novimber klear wêze, sa is de ferwachting.