Grut ûnderhâld op fleanbasis

05 jul 2013 - 09:49

Fan 't simmer sil op de fleanbasis Ljouwert grut ûnderhâld plakfine. It giet om renovaasje fan de startbanen, wurk dat ien kear yn de tsien jier útfierd wurdt. Troch de wurksumheden sil der fan 12 augustus oant en mei 11 oktober net mei F-16's flein wurde. Wol sille de SAR-helikopters fleane. Mei it wurk sil ek socht wurde nei net-eksplodearde bommen út de Twadde Wrâldoarloch.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat der 27 saneamde fertochte objekten ûnder de grûn lizze. Dat kinne bommen wêze. Dy sille dan romme wurde.

It kin ek om oare metalen saken gean.

Trefwurden: 
fleanbasis bommen renovaasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)