Hotel Ozinga hat nije eigener

Hotel Ozinga yn Snits hat lang om let in nije eigener. It âlde hotel oan de Lemmerwei yn de stêd, flakby de Wetterpoarte, wurdt oernaam troch Hartman Feenstra. Feenstra is op dit stuit ek al eigener fan fakânsjepleats Broersloot. Hotel Ozinga hat lang leech stien. In pear jier lyn is it yngripend ferboud troch wenningstichting De Wieren, mar dy koe der gjin nije útbater foar fine.
Feenstra sjocht der no wol takomst yn en takom jier maaie moat it fernijde hotel syn doarren iepenje. Dêrfoar moat de binnenkant noch wol flink opknapt wurde.
De binnenkant is sa goed as leech en dêr wol de famylje Feenstra yn in pear moannen tiid feroaring yn bringe. Sa moatte der ûnder oaren njoggen hotelkeamers makke wurde en komt der in grutte seal foar ûnder oare it moarnsbrochje. It nije Hotel Ozinga krijt de namme Stadsherberg Sneek. Ien fan de dochters fan Hartman Feenstra, Susan, wurdt de baas oer it nije hotel. Mei har 21 jier is se de jongste hotelbaas fan ús lân.