Fryske basisskoallen ticht

04 jul 2013 - 17:26

Fjouwer Fryske basisskoallen slute dizze wike definityf de doarren, om't der te min learlingen binne. De ferwachting is dat der troch de hieltyd strangere regels fan de oerheid de kommende jierren noch folle mear Fryske basisskoallen ferdwine sille. It Skûlplak yn Burchwert, de Moskeflapper yn Hjerbeam, basisskoalle Op 'e Feanhoop en de 'Lytse Wimanskoalle' yn Twizel binne slachtoffer wurden fan de learlingenoarm fan 23. Hat in skoalle minder learlingen dan betsjut dat sluting.

Neffens Roobol, de koepelorganisaasje dy't ferantwurdlik is foar 16 iepenbiere basisskoallen yn Noardeast Fryslân is gearwurking tusken iepenbier en kristlik basisûnderwiis needsaaklik.

Trefwurden: 
basisskoalle ticht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)