Beker: H'fean tsjin Twente

04 jul 2013 - 14:41

SC Hearrenfean hat yn de twadde ronde fan it KNVB bekertoernoai FC Twente as tsjinstanner lotte. FC Utrecht spiler Adam Sarota keppele tongersdei de ploech fan Marco van Basten oan de Tukkers. Earedivisionist SC Cambuur hat in op papier maklike tsjinstanner lotte. De Ljouwerters nimme it op tsjin topklasser Katwijk. Katwijk waard it ôfrûne seizoen lânskampioen by de amateurs.

Yn de earste ronde treft haadklasser Harkemase Boys in oare haadklasser: Rohda Raalte. As Harkemase Boys de folgjende ronde hellet, dan nimt de ploech fan Willem Brouwer it op sportpark De Bosk op tsjin NEC. Snits Wyt Swart moat út nei earsteklasser sv DFS út Opheusden. Winne se dy dan nimme se it yn de twadde ronde op tsjin twaddeklasser Wilhelmina '08 út Weert. De earste ronde wurdt spile op woansdei 28 augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)