Mem deade poppe langer fêst

04 jul 2013 - 14:31

De 24-jierrige mem dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de dea fan har poppe fan acht moanne bliuwt fjirtjin dagen langer fêstsitten. De frou is foarlaat oan de rjochter-kommissaris en dy hat dat besletten. De poppe, in jonkje, waard yn it lêste wykein fan juny slim ferwûne fûn yn it hûs fan de frou en ferstoar letter yn it sikehûs fan Grins.

De plysje ûndersiket noch wat der krekt bard is. It jonkje hie ferwûnings oan de holle. Mooglik is der sprake fan in misdriuw.

Trefwurden: 
Ljouwert mem deade poppe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)