Helmholt rjochting 22 meter

04 jul 2013 - 10:06

Fierljepper Bart Helmholt wie woansdei de sterkste op It Heidenskip. Yn de tsiende wedstriid fan dit seizoen ljepte de Burgumer nei 21,21 meter. Dêrmei komt Helmholt stadichoan rjochting de magyske grins fan 22 meter. Twa kear ljepte hy fierder as yn It Heidenskip. Yn augustus 2010 sprong Helmholt 21.26 yn Burgum en twa jier lyn, op it Nederlânsk kampioenskip yn Linschoten, kaam er ta in ôfstân fan 21,51 meter. Dat is ek it Nederlânsk rekôr. It doel fan de regearend Frysk kampioen is om dit seizoen oer de 22 meter te springen.

Twadde by de senioaren waard Thewis Hobma fan Harns mei in ôfstân fan 20,63 meter. By de junioaren gie de winst nei Age Hulder. De Burgumer ljepte mei 19,35 meter krekt fiif sintimeter fierder as Sytse Bokma fan Hylpen. De sprong fan Bokma wie wol in persoanlik rekôr. By de froulju gie de winst nei Hilianne van der Wal mei 14,81 meter.

Trefwurden: 
fierljeppen Bart Helmholt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)