Piet Adema nei Tynaarlo

04 jul 2013 - 09:30

Piet Adema wurdt de nije, waarnimmend boargemaster fan de Drintske gemeente Tynaarlo. Dat meldt it Dagblad van het Noorden. Adema folget de VVD'er Frank van Zuilen op. Dy sit al in pear wiken siik thús. Piet Adema is op dit stuit lanlik partijfoarsitter fan de ChristenUnie en wie earder deputearre yn Fryslân en waarnimmend boargemaster yn Achtkarspelen.

Sawol Adema as kommissaris fan de Kening Jacques Tichelaar woene net op it ferhaal yn it Dagblad van het Noorden reagearje. Tichelaar komt op 12 augustus mei de namme fan de waarnimmer,

Trefwurden: 
Piet Adema Tynaarlo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)